U bent momenteel op:

In wyfke út Starum (een vrouwtje uit Stavoren)

E-mail naar een vriend

Beschikbaarheid: In voorraad

€ 0,00
Artikelen toevoegen aan winkelwagen
OF

Snel overzicht

It Ferhaal
In wyfke út Starum is nei in idee fan de sêge It Wyfke fan Starum en is omsetten nei de hjoeddeiske tiid. It fertelt it ferhaal fan in rike keapmanswiddo. Nettsjinsteande har enoarme rykdom wie se net tefreden en woe it kostberste besit dat der op ierde te finen wie. En dat hie de noadige gefolgen...
Wietske en Harm Wiersma binne al jierren troud, mar se begripe inoar net al te bêst mear. Dit komt mei om’t Harm troch omstannichheden net mear wurket en se dêrom ek net folle jild mear om hannen ha. It is sels sa slim dat Wietske al in oantal kear jild fan buorfrou Miedema liend hat. Harm fielt him dêr net noflik by, ek al om’t it bedrach allinnich mar oprint. Harm hat, yn tsjinstelling ta syn (bazige) frou, net folle nedich om lokkich te wêzen yn it libben. As Wietske op in dei in hiel grut jildbedrach yn ‘e steatslotterij wûn hat, hat Wietske gjin rem mear op har útjeften. Harm fynt steun by Sytske, de wat ienfâldige suster Wietske, dy’t gauris by de famylje Wiersma oansterkjen komt.
Mar asto ynienen in soad jild op ‘e bank hast binne der ynienen ek in soad minsken dy’t de noadige ynteresse yn dy hawwe. Minsken dy’t dy even earder noch foarby rûn hiene. Lykas Arent Kloosterman, foarhinne in rike boer, mar sa stadichoan ticht by de finansjele ôfgrûn. Wie Arent net de eardere wurkjouwer fan Harm? In wurkjouwer dy’t Harm as in bakstien falle liet doe’t Harm troch in bedriuwsûngelok thús kaam te sitten?
Lokkich is Daan Sikkema, de postrinner fan Starum, der ek noch. In postrinner dy’t syn wurk sa letterlik nimt dat er, foardat er de post besoarget, alle stikken earst sels al lêzen hat. Dêrtroch blykt Daan “de Post” de skeakel tusken de ynwenners fan Starum te wêzen.
En wa is Frauke Gaastra? Is sy wier in ûnbekend famyljelid fan Wietske en Sytske? In oantal minsken mei elk harren eigen winsken, en konflikten ûnderling, binne genôch yngrediïnten foar in soad fleurige jûntsjes toaniel foar sawol spilers as publyk.

It dekôr
It dekôr is in ienfâldige en datearre wenkeamer. In bankstel wêr’t de gatten yn sitte soe net misstean. Op ‘e tafel leit in steapel âlde kranten. It gehiel is wat rommelich. Nei ferrin fan tiid komme der hieltyd mear doazen/pakketten mei bestellingen te stean. Dêrtroch wurdt de gaos hieltyd grutter. Der binne twa doarren. De iene doar is de trochgong nei de foardoar, de boppeferdjipping en de it húske. De oare doar is de trochgong nei de efterdoar en de keuken.

Personaazjes
3 mannen (as 4 mannen as 1 dûbeldrol)
4 froulju (as 5 froulju of 1 dûbeldrol)

Productbeschrijving

Diana Monshouwes,4/5 froulju en 3/4 manlju

Oersetten troch: Griet Reitsma-de Jong

Extra informatie

Leeftijd bezetting Dames en Heren
Genre Blijspelen / Komedies
Auteur Diana Monshouwer
Duur avondvullend
Aantal dames 4/5
Aantal heren 3/4
Totaal aantal personen v.a. 7 personen
 

Mijn zichtzending

U heeft nog geen zichtzending(en) geselecteerd.


Contact gegevens

- Raadhuisplein 18
- 5258BJ Berlicum
- Noord Brabant
- Tel.nr.: 073-5031251
- Fax nr. : 073-5038295
- E-mail:
info@toneeluitgeverijgrosfeld.nl

Openingstijden

Maandag t/m Vrijdag: 9.30 t/m 17.00 uur

Persoonlijk advies

Toneeluitgeverij Grosfeld bestaat vanaf 1931. We beoordelen dus al heel lang toneelteksten. Wilt u een persoonlijk advies bij het aanvragen van uw zichtzending, belt u ons dan.

Contactpersoon: Geertjan Grosfeld.
Al meer dan 25 jaar ervaring binnen het amateurtoneel!
Telefoon: 0735031251

Telefonisch bestellen

Pak de telefoon en bel ons op 073-5031251 om de bestelling door te geven, of voor meer informatie.


Aan de auteurs

Heeft u een tekst geschreven en wilt u graag dat deze uitgegeven wordt? Neem dan contact met ons op. Wij beoordelen de tekst graag voor u.

info@toneeluitgeverijgrosfeld.nl